The tradition & historical record
3 min read · 2 sourcesDe Agraryske Dagen (Nederlânsk en offisjeel: Agrarische Dagen) binne in fiifdeisk festival dat elts jier yn 'e twadde helte fan septimber fan in woansdei oant en mei de dêropfolgjende snein organisearre wurdt yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It evenemint ûntstie oarspronklik as in soarte fan doarpsfeest foar de stêd, en waard foar de earste kear holden yn 1954. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Agraryske Dagen Frjentsjer (offisjeel: Stichting Agrarische Dagen Franeker). Yn jubileumjierren wurde yn it ramt fan 'e Agraryske Dagen saneamde F-feesten holden, wêrby't ekstra grut útpakt wurdt. 1
2018
Yn 2018 fûn 'e 65e edysje fan 'e Agraryske Dagen plak yn it bredere ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It tema wie dat jiers 'WaADhoeke' (AD foar 'Agraryske Dagen'), mei't op 1 jannewaris 2018 de nije fúzjegemeente De Waadhoeke ûntstien wie. Yn ferbân dêrmei èn mei LF 2018 waard yn 2018 ek in F-feest fierd (yn dit gefal F8), hoewol't it formeel gjin jubileumjier wie. 1
Aktiviteiten
Op 'e woansdei fan 'e Agraryske Dagen fynt jûns de seremoniële iepening plak, mar ek dêrfoar al binne der yn 'e stêd alderhanne eveneminten. Sa begjint dan de merke op 'e Foarstrjitte, dy't oant en mei snein trochgiet. Fierder wurdt moarns en middeis de Plysje-PC holden op it Sjûkelân, wêrby't leden fan 'e Fryske plysje it yn in keatspartij tsjininoar opnimme. Dat barren is eins âlder as de Agraryske Dagen, en bestie yn 2018 69 jier. Fierders wurde der woansdeis aktiviteiten organisearre foar bern en foar de âlderein (mei bgl. yn 2018 in optreden fan sjongster Willeke Alberti). Op 'e tongersdei wurdt yn Sporthal De Trije in sportdei holden dy't foarhinne bedoeld wie foar basisskoallen yn Frjentsjerteradiel, en dy't fan 2018 ôf útwreide is mei skoallen út hiel De Waadhoeke. Fierders wurde dy deis organisearre: in angelderswedstryd foar de jongerein oan 'e Ypeijsingel, in jiermerk foar froulju (de sûnt 2014 besteande 'Frouwen Fair') yn it Stedspark, de Frjentsjerter Omgong (Franeker Ronde): in draafwedstryd troch de binnenstêd, de Nachtkeatspartij op it Sjûkelân en it tradisjonele optreden fan 'e Kristlike Muzykferiening Advendo op 'e Bredepleats. De freeds is der in swimbarren yn it Swimbad Bloemketerp, en ek wurdt yn 'e binnenstêd it Strjitfestival Frjentsjerter Fratsen holden. Fierders is der in kulinêr barren yn it Stedspark mei as namme Smakelijk Franeker, en in fuotbaltoernoai mei teams fan fiif leden op it Sjûkelân. 1
Keppelings om utens
(ned) Offisjele webside fan 'e Agraryske Dagen 1
The text above is adapted from the Wikipedia article “Agraryske Dagen”, available under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 4.0 licence. 1
Agrarische Dagen is festival held each year in September in Franeker, Friesland, the Netherlands, according to the structured record cited below. This entry was generated automatically from that record and has not yet been reviewed by a person familiar with the tradition. 2